Noardlik Film Festival is begûn

05 nov 2014 - 23:34
  • De iepening fan it festival.

De 35e edysje fan it Noardlik Film Festival is woansdeitejûn yn Ljouwert úteinset. Oant en mei snein sille yn de Harmonie en Sliekerfilm 150 films fertoand wurde. Tema dit jier is Grenzeloos Dichtbij. De fokus liet op it noarden, benammen op Skandinavië. De organisaasje hopet dat it festival 20.000 besikers lûke sil. It festival waard iepene troch foarsitter Bert Wassenaar fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek. Dat die Wassenaar om't hynders in wichtige rol spylje yn de Yslânske iepeningsfilm Of Horses and Men.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)