Noardlik debat op televyzje

05 sep 2012 - 15:04
  • Noardlik listlûkersdebat 2012
  • Noardlik listlûkersdebat 2012

Omrop Fryslân Televyzje stjoert woansdeitemiddei it noardlik listlûkersdebat út. Dat wurdt hâlden yn it Akademygebou yn Grins. It debat giet foar de helte oer lanlike tema's lykas Europa, soarch en ûnderwiis, mar ek oer moardlike tema's lykas krimp, konsintraasje fan rykstsjinsten, wettertechnology en energy valley.

De útstjoering is fan healwei fjouweren oant fiif oere. Deselde jûn noch is der in gearfetting te sjen by Omrop Fryslân.

Diederik Samsom (PvdA), Emile Roemer (SP), Alexander Pechtold (D66), Sybrand van Haersma Buma (CDA), Jolande Sap (GroenLinks), Arie Slob (ChristenUnie), Marianne Thieme (PvdD) en Hero Brinkman (DPK) hawwe harren oanmeld. Mark Rutte (VVD) en Geert Wilders (PVV) sille der net by wêze.

Wouke van Scherrenburg en Remy van Mannekes fan RTV Noord liede de diskusje. It noardlik listlûkersdebat is in inisjatyf fan de kommissarissen fan 'e Keninginne yn Fryslân, Grinslân en Drinte yn 'e mande mei de Ryksuniversiteit Grins en RTV Noord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)