Noardlik debat listlûkers

27 maaie 2010 - 23:37

De listlûkers fan de sân grutste partijen yn de Twadde Keamer ha yn Grins mei-inoar debateare oer noardlike ûnderwerpen. It gie ûnder oare oer de krimp op it plattelân.

Pechtold fan D66 fynt dat je in kar meitsje moatte en dus ek kieze moatte foar sloop. Roemer fan de SP fynt krekt dat de doarpen stipe wurde moatte om sels mei oplossings te kommen. De VVD, GrienLinks en de SP wolle net dat yn it noarden CO2 opslein wurdt yn de grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)