Noardfryske radio op ynternet

22 mrt 2005 - 11:33

Noardfryslân yn Dútslân krijt op 1 april Noard-Fryske radio. Radio NFR Nordfriisk Radio sil alle wurkdagen jûns trije oere radio útstjoere op harren website www.nfradio.de. De Noardfriezen wolle aktuele programma's oer Noardfryslân en oare minderheden útstjoere en in soad muzyk draaie.

"Wy wolle ús benammen op it jongere publyk rjochtsje", seit projektlieder Gary Funck. Radio NFR is in inisjatyf fan 'e Friisk Foriining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)