Noardfrysk ferkearsboerd makke

07 aug 2003 - 00:00

Yn Noardfryslân is dizze simmer foar it earst op ferskate plakken in twatalich Dúts-Noardfrysk ferkearsboerd te sjen. It giet om in Noardfryske fariant fan 'tink om 'e bern'. It boerd is makke troch de Friisk Foriining en wurdt fergees beskikber steld oan skoallen en pjutteboartersplakken.

"Mei dizze aksje wolle we ús taal sichtber meitsje en tagelyk wat dwaan foar de feiligens fan 'e bern", seit foarsitter Hahn fan 'e Foriining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)