Noardfriezen tsjin besunigings

23 okt 2003 - 00:00

De Friisk Foriining út Noardfryslân hat yn in brief nei de provinsje protest oantekene tsjin it foarnimmen om 177.000 euro te koartsjen op it budzjet foar Fryske taal en kultuer. Neffens wurdfierder Lars Harms, sels lid fan 'e lândei fan Sleeswyk-Holstein, jout de provinsje mei de mooglike koarting 'in ferkeard sinjaal'.

Foarsitter Hahn is benaud dat de gearwurking tusken de trije Fryslannen sa yn 'e knipe komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)