Noarderljocht boppe Holwert

16 jul 2012 - 16:50
  • Poalljocht Holwert
  • Poalljocht Holwert
  • Poalljocht Holwert
  • Poalljocht Holwert

De himel by Holwert kleure sneintenacht felgrien en pears. It seldsume noarderljocht wie dêr om sawat ien oere goed te sjen. Peter Elzinga, hobbyfotograaf, fan Burgum hat it fêstlein op kamera.
It komt hast net foar dat it poalljocht yn Nederlân te sjen is.

Ofrûne wike wie der in grutte sinnestoarm, wêrtroch't dieltsjes fol enerzjy de ierde berikten. Dy botsten mei oare dieltsjes op de ierde, en dat feroarsake it noarderljocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)