Noarderlingen bang yn tsjuster

27 jul 2010 - 21:45

Om te bepalen of in wyk of strjitte feilich is, giet 58 persint fan de Noarderlingen ôf op ferhalen fan oaren. Dat oantal leit 10 persint heger as it lanlik gemiddelde. Dat docht bliken út sifers fan befeiligingsorganisaasje Securitas, dat ûndersyk docht nei it feilichheidsgefoel fan konsuminten yn de iepenbiere romte.

Fierder docht bliken dat 13 persint de doar net mear út giet as it tsjuster is, omdat se dat net feilich fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)