Noarderleech net oeral droech

09 okt 2012 - 12:19
  • Bûtendyks lân yn Ferwerderadiel, hjir by Marrum

Fee op it Noarderleech kin op dit stuit net mear oeral droech stean, omdat it Fryske Gea ophâlden is mei de ôffier fan reinwetter. Foarsitter Piet Osinga fan de pachtersferiening is dêr net bliid mei. Neffens him is soks net mei de boeren oerlein.

De ôfspraak is dat it fee der 15 oktober wei wêze moat. De boeren hiene ferwachte dat it Fryske Gea sa lang ek trochgean soe mei de ôffier fan reinwetter yn it bûtendyks gebiet.

It Fryske Gea seit yn in reaksje dat it weidzjen fan fee yn it Noarderleech gjin inkeld probleem is. It giet om mar in hiel lyts stikje lân en der binne noch genôch plakken oer dêr't it fee wol hinne kin. It Fryske Gea hat der hiel bewust foar keazen om it reinwetter net mear ôf te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)