Noarderbrêge wer makke

12 sep 2006 - 16:17

De Noarderbrêge yn Ljouwert is wer makke. De brêge is fan tiisdeitemiddei fjouwer oere ôf wer iepen foar it ferkear. De brêge wie sûnt sneon stikken. It ferkear moast omride oer de Froupoartsbrêge en dat soarge foar in soad opstoppings.

De gemeente hâlde der earst rekken mei dat it oant tongersdei duorje koe foar't de Noarderbrêge wer iepen en ticht koe. Mar de steuring is no earder ferholpen as earst tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)