'Noarden ûntsnapt oan ramp'

16 maaie 2014 - 14:40
  • 'De gemyske brân hie útrinne kinnen op in grutte ramp'

Noard-Nederlân is mar krekt ûntsntapt oan in grutte ramp by in gemyske brân yn de Eemshaven yn Grinslân yn it jier 2007. Dat seit magnesium-ekspert Klaas Tol yn in tv-útstjoering fan RTV Noord. De belutsen oerheden sizze yn in reaksje dat der gjin gefaar west hat foar de trije noardlike provinsjes. Se hawwe dêrom ek nea berjochte oer it ynsidint.

It giet om in brân yn in grutte partij magnesiumslakken op it terrein fan recyclingbedriuw Theo Pouw. Dy brân duorre doe 7 dagen. Neffens saakkundige Tol hie dit om in ramp útdraaie kinnen.

Tol wie doedestiids 72 oeren yn aksje om de earnstige brân te bestriden, mei help fan in stikmannich meiwurkers fan Pouw. Neffens de autoriteiten hawwe ynwenners fan omlizzende doarpen gjin gefaar rûn. Om dy reden wie der ek gjin oanlieding om de publisiteit te sykjen. Tol hâldt lykwols steande dat de brân útrinne kinnen hie om in ramp mei earnstige gefolgen foar hiel Noard-Nederlân en ek it Dútse grinsgebiet.

De útstjoering oer de brân is werom te sjen op de webside fan RTV Noord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)