Noarden tsjin idee FNP

27 jan 2005 - 14:41

Grinslanners en Drinten sjogge neat yn it plan fan de FNP foar in selsstanniger noarden. Dat die woansdei bliken op in mienskiplike byienkomst fan de steaten út Fryslân, Grinslân en Drinte.

Yn Grins waard sprutsen oer hoe't de trije provinsjes yn de takomst meielkoar oplûke moatte. Mar yn de kuiergongen waard der foaral praat oer it omstriden plan dat de FNP tiisdei lansearde. De krityk op it plan wie fûl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)