Noarden rint ynkomsten mis

11 maaie 2009 - 15:47

Noard-Nederlân rint ynkomsten mis omdat hjir te min minsken mei in hege oplieding wurkje. Dat seit sekretaris Zwiers fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord. Heger oplate minsken soargje foar ynnovaasje en dus foar ekstra ynkomsten.

Benammen yn in sektor lykas de soarch binne minsken mei in hege oplieding nedich. Dat is arbeidsyntinsyf wurk en troch ynnovaasje soene mear minsken holpen wurde kinne troch it selde oantal wurknimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)