'Noarden moat subsydzje beheare'

14 maaie 2004 - 00:00

De trije noardlike provinsjesmoatte sels subsydzejild út Brussel foar dizze regio beheare. Dat soe de ferdieling fan dat jild in stik makliker meitsje.

Dat seit Loek Hermans, de foarsitter fan de organisaasje foar it midden en lyts bedriuw. Neffens him snappe bedriuwen no neat fan alle Brusselse regels. Dêrtroch bliuwt der in protte jild lizzen. Troch dat oan in noardlike ynstânsje te jaan soe de subsydzje in stik tagonkliker wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)