'Noarden moat KH2018 stypje'

30 okt 2012 - 12:16

Grinslân en Drinte moatte de kandidatuer fan Ljouwert ek stypje om Kulturele Haadstêd 2018 te wurden. Dat seit VNO-NCW. Neffens de wurkjouwersorganisaasje is in grut projekt as de Kulturele Haadstêd goed foar de ekonomyske dynamyk fan it hiele Noarden. VNO-NCW kin noch net sizze hoefolle stipe it bedriuwslibben oan de Kulturele Haadstêd jaan sil. It jier 2018 is noch te fier fuort.

In soad ûndernimmers yn Ljouwert en omjouwing binne ôfwachtsjend. Se wolle earst witte oft Ljouwert ek echt Kulturele Haadstêd wurdt foardat se stipe jouwe.

By de ûndernimmers is wol sympaty en wurdearring foar de ambysje om te besykjen Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. In mearderheid yn de gemeenteried fan Ljouwert stipe moandeitejûn de ambysje om fan Ljouwert yn 2018 de Kulturele Haadstêd fan Europa te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)