'Noarden moat him losmeitsje'

26 jan 2005 - 06:58

Fryslân, Grinslân en Drinte moatte har los meitsje fan de rest fan Nederlân en in autonome, selsstannige regio foarmje. Dat seit foarsitter Johannes Kramer fan de steatefraksje fan de FNP.

Neffens Kramer moatte de trije noardlike provinsjes serieus tinke oer mear selsbestjoer omdat Den Haach te min omtinken hat foar Noard-Nederlân. Woansdei is de jierlikse gearkomste fan de trije noardlike steaten. Kramer sil Frysk prate op dy gearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)