'Noarden moat 800 miljoen krije'

24 aug 2004 - 11:55

It Noarden moat 800 miljoen euro kompensaasje krije foar de gaswinnings yn de Waadsee en gjin 500 wat minister Zalm wol. Dat sei Twadde-Keamerlid Boris van der Ham fan D66 moandei op in partijbyienkomst yn Amersfoort.

D66 diskusjearre oer it rapport fan de kommisje Meijer. Dêryn stiet dat it Noarden kompensearre wurde moat foar de gaswinning. Minister Zalm wol minder jild jaan om't der besunige wurde moat troch it kabinet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)