Noarden lûkt nije bedriuwen oan

30 jan 2002 - 00:00

De trije noardlike provinsjes wolle nije bedriuwen oanlûke mei help fan in nije subsydzjeregeling. Bedriuwen kinne fia dy regeling 20 persint fan de leankosten fergoede krije. It is in oanfolling op de IPR, de Investerings Premie Regeling.

Nije bedriuwen moatte wol minstens 20 arbeidsplakken biede en dy moatte op syn minst 5 jier bestean bliuwe. De regeling wurdt betelle út de Kompas-jilden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)