Noarden krijt mear Europees jild

09 jun 2006 - 15:51

It noarden krijt de kommende sân jier 55 miljoen euro ekstra út Europeeske struktuerfûnsen. Dat jild is om ynvestearingen yn de regio te stimulearjen.

Dat is minder as oare parten fan it lân krije. De VVD fynt dat ûnearlik. De partij tsjinne in moasje yn om dat ferskil te ferlytsen. Troch stipe fan CDA en PvdA is in keamermearderheid foar ekstra jild. Mei elkoar krijt it noarden no 237 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)