Noarden hellet subsydzje op

24 mrt 2010 - 12:00

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte besykje de kommende dagen miljarden oan subsydzjes binnen te heljen by de Europeeske Kommisje yn Brussel. In spesjale delegaasje is mei dat doel ôfreizge nei de Belgyske stêd. It giet om subsydzjes dy't it Noarden nedich hat foar projekten nei 2013.

Yn de eardere perioade tusken 2007 en 2012 hat de Europeeske Kommisje yn totaal 308 miljard útlutsen foar it Noarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)