Noarden as gaskennissintrum

01 apr 2004 - 00:00

It noardlik part fan Nederlân moat it gaskennissintrum wurde fan it hiele lân. Yn Grins, Drinte en Fryslân is al in soad ekspertize oanwêzich troch de Gasunie en de NAM.

Dy ekspertize moat bondele wurde en der sa ta liede dat it Noarden it sintrum wurdt fan Europa op it mêd fan gas. Elk dy't wat witte wol, kin dêr dan terjochte. CDA-Twadde-Keamerlid Roland Kortenhorst pleite dêr woansdei foar yn de kommisje ekonomyske saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)