"Noarden better gearwurkje"

15 okt 2012 - 23:21

De trije noardlike provinsjes moatte folle better gearwurkje. Sa't it no giet kinne se gjin fûst meitsje by polityk Den Haach. Dat seit Bernhard Wientjes, foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Hy spruts moandei op de NHL yn Ljouwert Fryske ûndernimmers ta.

Neffens Wientjes is it bygelyks tige spitich dat de noardlike polityk it spoar tusken It Hearrenfean en Grins net sitten sjocht. Mobiliteit is no krekt dat wat de ekonomy nedich hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)