Noardeast-Fryslân striidt om krimpregio status

26 feb 2015 - 15:12

Gemeenten yn Noardeast-Fryslân lizze harren net del by it kabinetsbeslút om de regio net as krimpgebiet oan te wizen. Se freegje de Twadde Keamer yn in brief om it kabinet op oare gedachten te bringen.

Minister Stef Blok fan wenjen besleat ferline jier dat Noardeast-Fryslân gjin krimpregio wurdt en dus gjin ekstra jild krijt om foarsjennings yn stân te hâlden. Neffens it Netwurk Noardeast is de befolkingskrimp lykwols grutter as it liket. As Tytsjerksteradiel net meirekkene wurdt, nimt de befolking dêr de kommende jierren mei 5,4 prosint ôf.

Ek de provinsje wol graach dat Noardeast-Fryslân as krimpregio oanwiisd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)