Noardeast-Fryslân offisjeel erkend as krimpregio

26 maaie 2015 - 16:36

In mearderheid fan de Twadde Keamer hat tiisdeitemiddei ynstimd mei it takennen fan de status fan krimpregio oan Noardeast-Fryslân. It gebiet kin rekkenje op ekstra stipe fan it ryk. Dêrmei moatte de gefolgen opfongen wurde dêr't it gebiet mei te krijen hat troch in weromrinnend tal ynwenners. De ekstra stipe komt op inisjatyf fan de PvdA yn de Twadde Keamer.

Bestjoerders en ynwenners hawwe de ôfrûne tiid geregeld nei Den Haag west om te pleitsjen foar de krimpstatus. Minister Blok hat ek in pear kear yn Noardeast-Fryslân west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)