Noardeast-Fryslân krijt wierskynlik de status krimpregio

20 maaie 2015 - 22:15

Noardeast-Fryslân krijt nei alle gedachten de status krimpregio. De PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer hat in moasje yntsjinne mei dit fersyk. It giet om de gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel, Kollumerlân, Dantumadiel en Achtkarspelen. As se offisjeel krimpregio wurde, hawwe se ûnder oare rjocht op ekstra jild en koarting op de ferhierdersheffing.

Op dit stuit binne der seis plakken yn Nederlân dy't de status krimpregio hawwe: trije plakken yn Grinslân, ien yn Limboarch, ien yn Seelân en ien yn Gelderlân yn de Achterhoek. Nije wike tiisdei wurdt der yn de Twadde Keamer stimd oer de moasje om Noardeast-Fryslân de status fan krimpregio te jaan. De VVD en de ChristenUnie sille nei alle gedachten foar de moasje fan de PvdA stimme, dat betsjut dat de moasje in mearderheid krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)