Noardeast-Fryslân: 10.000 ynwenners minder yn 2040

26 mrt 2015 - 07:53

Noardeast-Fryslân hat oer 25 jier goed 10.000 ynwenners minder. Mei dat boadskip is boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel tongersdei yn Den Haach om nochris te pleitsjen foar in krimpstatus. Dat docht se mei in moarnsbrochje dêr't ek bestjoerders en ûndernimmers út Noardeast-Fryslân en Twadde Keamerleden oanskowe.

Waanders wol de krimpstatus graach ha, om't dy rjocht jout op ekstra finansjele stipe fan it Ryk. Minister Blok twivelet lykwols noch, om't hy de krimp net grut genôch fynt.

Waanders seit dat dat komt troch de gemeente Tytsjerksteradiel: dy gemeente groeit wol, yn tsjinstelling ta de oare gemeenten yn Noardeast-Fryslân.

Op 8 april praat de Twadde Keamerkommisje oer krimpregio's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)