Noardburgum wol ferkearsremmer

18 apr 2007 - 17:41
  • It ferkear rydt faak te hurd op de dyk

De buertferiening yn Noardburgum is tige teloarsteld yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dy hat de ferkearsremjende pealtsjes wer út de Sânhústerdyk helle. Op dy dyk wurdt in soad te hurd riden.

De pealtsjes wiene in needmaatregel oant de dyk op 'e nij ynrjochten wurdt. De gemeente hat nei trije ûngelokken de pealtsjes lykwols wer fuorthelle. De buertferiening wol nije maatregels tsjin it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)