Noard ferliest promoasjeduel

25 maaie 2002 - 00:00

De earste-divisionisten sealfuotbal Noard rûnen freed de promoasje nei de earedivyzje mis. De Feansters ferlearen de beslissingswedstriid tsjin Ter Beek út Amsterdam mei 2-6.

Tim Hof skoarde beide doelpunten foar Noard, dat fierders senuwachtich spile. De wedstriid waard spile yn 't Zand (NH). It team docht oare jier nochris in goai nei promoasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)