Noar rydt dwers troch hikke

06 mrt 2011 - 12:32

In 28-jierrige Noar is sneontejûn ferwûne rekke by in iensidich auto-ûngelok op it Langpaad by Sigerswâld. De Noar skeat troch ûnbekende oarsaak rjochttroch yn de bocht fan de Skieppedrift nei it Langpaad en ried rjochttroch dwers troch in ferkearsboerd en in hikke dy't ûnder stroom stie. De hikke gie dwers troch de foarrút fan 'e auto.

De Noar is mei ferwûnings oan de holle mei de ambulânse oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)