Noar mooglik nei Hearrenfean

22 jul 2008 - 10:07
  • Tarik Elyounoussi

De Noarske fuotballer Tarik Elyounoussi komt mooglik nei sportclub Hearrenfean. Dat meldt syn klub Fredrikstad FK op de webside. De 20- jierrige rjochterspits soe tiisdei nei It Hearrenfean ôfreizgje foar in gesprek.

Neffens Noarske media hat Hearrenfean 23 miljoen Noarske kroanen oer foar de spiler. Dat is hast 2,9 miljoen euro. Elyounoussi waard yn 2006 en 2007 útroppen ta Talint fan it Jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)