"No plannen meitsje foar wynmûnepark yn Iselmar"

09 jul 2015 - 10:09
  • Wynmûnen yn it wetter

De plannen foar in wynmûnepark yn de Iselmar moatte gau konkreet makke wurde. Dat fynt Wynpark Fryslân. De tiid is der no neffens de inisjatyfnimmers ryp foar, want ferline wike waard yn de Twadde Keamer de moasje -om dochs noch te kiezen foar in line-opstelling by de Ofslútdyk- net oannommen.

Wynpark Fryslân wol no graach om tafel mei de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje om de plannen konkreter foarm te jaan. Dochs kin it fanwege allerhanne rjochtsaken noch wol efkes duorje foar't it park der echt stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)