No offisjeel nasjonaal park

25 jan 2006 - 16:47

Nasjonaal park De Alde Feanen is fan ein april ôf ek offisjeel in nasjonaal park. No hat it noch de namme Nasjonaal park De Alde Feanen yn oprjochting, mar op 26 april sil minister Veerman fan natuer it park offisjeel ynstelle.

It park bestiet út 25 bunder oan marren, reidfjilden en sompen. Ferskate partijen beheare it park, it Fryske Gea is dêr ien fan. Yn Earnewâld komt op termyn in besikerssintrum foar it park.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)