No oeral yn Ljouwert trouwe

03 feb 2005 - 13:56

Breidspearen yn de gemeente Ljouwert meie fan no ôf sels kieze op hokker plak sy trouwe. De gemeenteried hat dêr tastimming foar jûn. Dat hâldt yn dat breidspearen tsjin betelling in trou-amtner komme litte kinne nei in plak dêr't sy in spesjale bân mei ha.

Mei it foarstel om breidspearen ek sels in eigen trou-amtner kieze te litten gie de ried net akkoart. Dat komt ek fanwege de kwestje-Eringa. Dy amtner woe gjin homopearen trouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)