No ek sylrace Harns-Hull

06 feb 2003 - 00:00

Harns komt mei in nije wettersportevement. Nei de HT-race nei Skylge en de roei-estafette Harns-Hull komt der no ek in sylrace nei dy Ingelske havenstêd. It insjatyf is fan de Harnzer Wettersportferiening.

De earste edysje wurdt hâlden mei de iepening fan de nije haven fan Harns, op 4 en 5 july. De ôfstân tusken Harns en Hull is sawat 400 kilometer. De sylrace wurdt ien kear yn 'e twa jier hâlden, it oare jier is de roeirace.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)