No ek protestliet út Almere

16 aug 2013 - 13:55
  • Untwerp fan Icedôme

Nei in Frysk protestliet tsjin it Icedôme, is der no ek in protestliet út Flevolân. Almeerder Hajo de Vries komt no mei it ferske 'Heerenveen zit er door heen', as reaksje op 'Almere Kolere' fan Rients Gratama en Syb van der Ploeg.

Gratama en Van der Ploeg kamen mei 'Almere Kolere', omdat se it net iens binne mei it reedrydbûn KNSB. Dat hat keazen foar Icedôme yn Almere as nije topsportlokaasje foar it reedriden. Yn 'Heerenveen zit er door heen' sjongt Hajo de Vries dat it plan yn Almere gewoan it bêste is.

In stikje út it ferske: 'Syb die schrijft een lied en huilt dan met de wolven mee. En commissaris Jorritsma die doet daar nog aan mee. Onze Annemarie zegt die Icedôme komt gewoon. Ik heet wel Jorritsma, maar ben geen familie van. Heerenveen zit er door heen. Almere is ze links en rechts voorbij gegaan. Heerenveen zit er door heen'.

Neffens Omroep Flevoland hat wethâlder René Peeters fan Almere witte litten it ferske graach in kear te sjongen mei Fries om utens en boargemaster Annemarie Jorritsma. Folkert Buiter, inisjatyfnimmer foar de Icedôme, folget de muzikale striid mei in soad wille en is bliid mei alle publisiteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)