No ek lûdswâl by Oranjewâld

17 aug 2007 - 13:43

Der komt in lûdswâl fan licht fersmoarge grûn by de bosk fan Oranjewâld. De wâl wurdt hast 7 meter heech en 600 meter lang. De wâl komt der nei klachten fan bewenners oer lûdsoerlêst fan it ferkear op de A32. Troch dit leven is it yn 'e bosk eins noait mear echt stil.

De grûn foar de wâl wurdt oanlevere troch bedriuwen dy't licht fersmoarge grûn kwyt moatte. Dit makket it projekt in stik goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)