No ek konifearebrân yn Drachten

19 sep 2006 - 10:39

Nei De Jouwer binne ek yn Drachten konifearen yn 'e brân stutsen. Achter in wenhûs oan de Raai wiene moandei tsien konifearen yn 'e brân set. De plysje tinkt net dat der ferbân is tusken de brannen op 'e Jouwer en dy yn Drachten.

De bewenner(62) hie de brân foar in grut part sels al útmakke, doe't plysje en brânwacht kamen. De brânwacht hat noch wol eefkes neispuite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)