No ek houten brêge yn A6?

19 jan 2009 - 14:43
  • It pleatsen fan Achterbosch syn brêge yn Snits

It arsjitekteburo fan Hans_Achterbosch út Ljouwert makket kâns om de nije Hollandse Brug tusken Almere en Muiden te ûntwerpen. De nije brêge komt neist de besteande Hollandse Brug te lizzen.

Achterbosch en twa oare arsjitekten binne moandei útkeazen om it plan út te wurkjen. Der binne 72 tekeningen beoardiele. It ûntwerp dat Achterbosch ynlevere hat is in neiere útwurking fan de houten brêge oer de A7 yn Snits, dy´t yn novimber pleatst is. Yn maaie moat it ûntwerp klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)