No ek fytsrûtes yn súd-Fryslân

26 jul 2006 - 11:29

Nei noardwest-Fryslân krijt ek it súdeasten fan de provinsje in eigen netwurk fan fytsrûtes. Fiif gemeenten hawwe it buro plattelânsprojekten de opdracht jûn sa'n netwurk op te setten. De ANWB wurket dêroan mei.

It is de bedoeling dat der fytsknooppunten opset wurde. Mei help fan buorden by de dyk kinne fytsers dan fan knooppunt nei knooppunt fytse. Sa moatte der mear toeristen nei de regio komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)