No ek Fryske waar-app

28 jul 2012 - 10:52

De waarapplikaasje fan Piet Paulusma foar smartphones is fan no ôf ek yn it Frysk. De Fryske oersetting is in inisjatyf fan Piet Paulusma en Omrop Fryslân.

De Frysktalige waar-app hat deselde tapassingen as de Nederlânske ferzjes dy't Piet al earder útbrocht hat. Dêr stiet de waarsferwachting foar Fryslân op, mar ek foar de rest fan Nederlân.

De gegevens komme fan tal fan Fryske en Nederlânske waarstasjons. De app hat ek aardige ekstra dingen lykas de mooglikheid om Fryske útspraken fan Piet Paulusma oer it waar te hearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)