No ek in Fryske effektebeurs

16 feb 2003 - 00:00

Studinten fan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert hawwe foar in learprojekt in Fryske Effektebeurs oprjochte. Mar no hawwe se lijen mei de Autoriteit Financiële Markten. Dy hâldt tafersjoch op de beurzen. De AFM wie net op de hichte steld fan de Fryske beurs.

Oan it learprojekt dogge 110 studinten mei. Der binne acht bedriuwkes opset, dêr't yn prinsipe elkenien oandielen fan keapje kin. It projekt duorret oant july dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)