No ek Fryske antysmookstikkers

30 okt 2008 - 14:06

Mei in tút fan 'e jiskepanne. Dat is ien fan de teksten op de Fryske antysmookstikkers dy't fan freed ôf troch hiel Fryslân ferspraat wurde sille. De stikkers wurde ferspraat op 20.000 Boomerangkaarten, dy't in moanne lang op 72 iepenbiere lokaasjes te krijen binne. De Fryske stikkers binne in inisjatyf fan de Ljouwerter ûntwerper Rony Halma.

De Fryske antysmookaksje wurdt stipe troch it Astmafûns, Boomerang, de provinsje Fryslân en it FYK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)