No ek Frysk monopoly

23 okt 2003 - 00:00

Monopoly is no ek yn it Frysk te krijen. De Kalverstraat, Neude of Lange Pooten binne no it Ruterskertier, Starum. It spul is tongersdei op it provinsjehûs presintearre. In bedriuw út Rotterdam hat it spul ûntwikkele.

Kommissaris Nijpels, boargemaster Hartkamp fan Snits en twa spilers fan fuotbalklup Hearrenfean hiene de eare om it allerearste spultsje Fryske monopoly te spyljen. Thieme Klompe hat it spultsje wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)