No ek dikdiks yn Aqua Zoo

05 jun 2014 - 14:19
  • De dikdiks binne fan freed ôf te sjen

Bistepark Aqua Zoo yn Ljouwert hat in nije oanwinst. Fan freed ôf binne hjir trije dikdiks te sjen. Dit binne antilopen, dy't út bistepark Wissel út Epe komme. De trije wyfkes waarden begjin dizze wike al nei Aqua Zoo ferhuze, sadat se wenne koenen oan harren nije omjouwing. De dikdiks binne aanst te bewûnderjen yn it ferbliuw fan de Afrikaanske kroankraanfûgels.

Nei de simmer komt der noch in mantsje by, sadat Aqua Zoo foar neiteam soargje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)