No ek bachelor Frysk

06 feb 2004 - 00:00

Op de Ryksuniversiteit Grins is it earste bachelor-diploma Fryske Taal en Kultuer útrikt. Sûnt in skoft is it akademysk ûnderwiis oars fan opset. Nei 3 jier helje studinten harren bachelor en dêrnei moatte se noch 1 of 2 jier foar harren masters.

Mei de nije opset kinne studinten no fuortendaliks nei it VWO-diploma oan de stúdzje Frysk begjinne. Earder moasten se earst in propedeuze foar in oar fak helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)