No al twa beerenburchwinkeltsjes

07 feb 2003 - 00:00

Destillearder Boomsma nimt it eardere beerenburchwinkeltsje fan Meekma yn 'e Baginestrjitte yn Ljouwert oer. Dat stiet leech, want Meekma koe de saak net draaiende hâlde. In oar bedriuw hat ûnderwilens it merk Meekma opkocht en begjint no ek in winkeltsje op de hoeke fan de Lytse Tsjerkestrjitte.

Boomsma fynt twa soartgelikense winkeltsjes sa flak byinoar gjin probleem. Se tinke dat se harren genôch ûnderskiede fan Meekma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)