No al spul oer Suderseejild

05 des 2007 - 12:06
  • Galema: ek Drinte en Grins moatte har hâlde oan de ôfspraken
  • Fryslân wol in spoarline fan Hearrenfean nei Grins, Drinte hat hjir gjin belang by....

It kompensaasjejild foar it Suderseespoar is der noch net iens of der is al striid oer de bestemming. Sa is der grutte argewaasje oer de oanlis fan de spoarferbining fan Hearrenfean nei Grins oer Drachten. De provinsje Drinte en de stêd Grins fine de oanlis net nedich. De provinsjes Fryslân en Grinslân binne hjir poerrazend oer.

Fryslân en Grinslân fine dat it noarden ienriedich wêze moat en elts him hâlde moat oan makke ôfspraken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)