No al spotters by Frisian Flag

29 mrt 2014 - 11:50
  • Fleantúchspotter by Fleanbasis Ljouwert

De ynternasjonale loftmachtoefening Frisian Flag op de Ljouwerter fleanbasis lûkt no al belangstellenden. De oefening is takom wike en hy hat ferskate dielnimmende lannen.

In soad spotters stien freed al by de basis om te sjen hoe't de dielnimmende fleantugen oankamen. Sneontemoarn wie it in stik minder drok, mar der wiene wol spotters dy't by it stek del rûnen om de fleantugen op de grûn te besjen. Der wiene ûnder oaren Ingelsen by, mar ek in pear minsken út de omjouwing fan Arnhim.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)