'No al sparje foar soarch'

10 maaie 2005 - 06:38

Jonge minsken moatte no al jild apart sette om dêrmei op lettere leeftiid soarch ynkeapje te kinnen. Dat waard sein op in byienkomst yn Ljouwert oer wenjen en soarch, organisearre troch de VVD-steatefraksje. De fersoargingssteat sil him hieltyd mear werom lûke en dêrom is it foar jongerein wichtich om dêr no al op yn te spyljen.

Ek waard der sein dat der yn mear doarpen yntinsive 24-oers-soarch komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)