NNRD wreidet út mei nije enerzjysunige portaalweinen

19 feb 2016 - 22:07

De Noard Nederlânske Reinigings Tsjinst hat freed trije nije euro 6 portaalweinen yn gebrûk naam. De nije weinen foldogge oan de heechste emisjenoarm. Hjirmei wurdt it ôffal op miljeufreonlike wize ferfierd. Ek binne se foarsjoen fan kamera's en ôfstânsbetsjinningen foar ekstra feilichheid. Neffens direkteur Foky van der Veen is dat in grutte ynvestearring foar de takomst.

Mear fraach

Van der Veen seit ek dat der hieltyd mear fraach komt nei ôffalbakken foar partikuliere- en oannimmersbedriuwen yn Fryslân en Grinslân. Takom jier sil de NNRD ek nochris ynvestearje yn nije ôffalbakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)